Sande generaasje
Johannes Reitzes Jonkman (1858-1935)


2.7.2 JOHANNES REITZES, boer yn Oranjewâld, de Knipe en Nijskoat

18-8-1858 Oranjewâld - 13-7-1935 Aldskoat
x Jieuwkje Baukes Woudstra, Skoatterlân 8-5-1881
20-9-1858 Oranjewâld - 8-5-1942 Aldskoat
df. Bauke Siebrens Woudstra en Imkje Jans Wal

1. Janke 22-3-1882 Oranjewâld
2. Imkje 9-5-1883 Oranjewâld
3. Detje 23-2-1885 Oranjewâld
4. Reitze 26-3-1887 Oranjewâld
5. Bauke 28-4-1889 Oranjewâld
6. Jan 27-5-1891 Boppeknipe
7. Hendrik 24-4-1893 Boppeknipe - 12-6-1899 Nijskoat
8. Jantje 31-1-1895 Boppeknipe
9. Loltje 16-1-1897 Boppeknipe



Johannes Jonkman en Jieuwkje Woudstra 50 jier troud (8-5-1931)
steand : Jan, Reitze, Detje, Arien Koopmans, Jantje Siebenga, Bauke, Pieter Sierdsma, Pieter Nijholt en Jantje.
sittend : Richtje Kleistra, Jitsche Dijkstra, it breidspear, Janke en Imkje.
yn't gers : Loltje en Sies Siebinga.

Yn 1878 soe Johannes yn militêre tsjinst moatte, hy lottet yn, mar fynt in plakferfanger yn Jelle Zwart fan Dearsum.
Yn de earste jierren fan syn houlik buorket Johannes Reitzes as hierboer yn Oranjewâld en de Knipe, mar at syn heit yn 1897 ophâldt mei buorkjen, hiert hy dy pleats oan de Rotstergaastwei yn Nijskoat. Yn 1912 ferkeapet syn heit it lêste besit, dan keapet Johannes de pleats foar fl.24.760,-. Hy hat derfoar wol kaptaal nedich en lient yn 1913 fl.15.000 fan in Halbertsma út Den Haach.
Hy hat dan ek al earder saken dien mei syn heit. Yn 1911 wurdt der in perseel yn Sint Jânsgea oernommen mei in wearde fan fl.8058. Hy ferkeapet dat jier ek in greide yn It Mar oan Bauke Jans Woudstra foar fl.3000. Yn 1916 wurdt fan de familie Van Heloma lân en bosk oankocht foar fl.8900.


De pleats yn Nijskoat, boud yn 1890 en bewenne troch Reitze Hendriks, Johannes Reitzes, Reitze Johannes en Klaas Reitzes Jonkman.



Nei de dea fan Johannes Reitzes wurdt troch de famylje noch besit ferkocht.